Pak dyn momint fan rêst

Kom ta djippe ûntspanning mei de Fryske Faam Meditaasjes. Foar elk momint fan de dei en elke situaasje yn dyn libben, is der in Faam Meditaasje foar dy. 


Ervaar wat meditearje yn dyn memmetaal mei dy docht.

Do witst dat meditearje goed foar dy is, maar do komst mar net ta dy djippe ûntspanning dêr 't dyn Nederlânsktalige freondinnen oer prate. It wjerhâld dy om dermei troch te gean...

Ervaar meditearje yn it Frysk en kom a dy djippe ûntspanning dêr 't elkenien it oer hat.

Fryske Meditaasje

Gjin probleem ast begjinner bist

Hast romme kar út ferskillende meditaasjes.


Mediteren

Afantasy-proof

Rinst ûnder it meditearjen net fêst op de fisualisaasjes, want dy sitte der net yn.

friese vlag

Alle meditaasjes binne yn it Frysk

Einlings mei ek do ta djippe ûntspanning komme yn dyn memmetaal.

Do wolst op in tagonklike wize yn 'e kunde komme mei meditearjen en de foardielen ûnderfine fan meditearjen yn it Frysk.

Dé Fryske Faam Meditaasjes:

Meditaasje Loslitte

Meditearje bringt dy yn djippe ûntspanning. Lit los watst net meidrage wolst mei de Fryske Faam Meditaasje Loslitte.

Meditaasje Lekker Sliepe

Bist oerprikele nei in lange, folle dei? Kom hielendal ta ûntspanning mei de Fryske Faam Meditaasje Lekker Sliepe.

Nije dei

Meditaasje Nije Dei

Meitsje dy klear foar in nije dei fol mooglikheden en set dyn yntinsjes mei de Fryske Faam Meditaasje in Nije Dei.

Hâld Instagram en dizze webside yn de gaten, want der komme geregeld nije meditaasjes by.

Mei grutskens kin ik sizze dat it slagge is! De Fryske Faam Meditaasjes binne út gemis ûntstien (ik koe nearne Fryske meditaasjes fine) en ôfgryslik tankber bin ik dat ik se trochjaan mei oan jimme. De Fryske Fa(a)mkes dy 't ik in ôfgryslik soad leafde en ûntspanning gun.

Dus... wolsto begjinne mei meditearjen en bist in Fryske Faam? Kies dan foar de Fryske Faam Meditaasjes.